Hantsjeman trijris for ’t soaltsje

1939

An article in three parts

 

Hantsjeman trijris for ’t soaltsje

[1]

De dom fen Keulen is in masterstik fen in gebou. In masterstik, dêr ’t hele Dútsklân great op is, in masterstik, dêr’t men in lange tiid yet net fen wist, hwa eigenlik it plan fen dat greate gebou makke hat.

Sa ûntstie yn’e folksmûle de fabel, det de divel sels, troch list twongen, it plan for dat prachtige gebou makke hat.

Lit my jimme it forteltsje forhelje, lyk as Dr. Sighart ús dat meidielt en tink der ris om, ho by dat gefal de swarte man ta trijris ta forrifele waerd.

De Aertsbisskop fen Dassel hie fen Keizer Barbarossa, nei de oermastering fen Milaan yn 1162, de lichems fen de Trije Keningen presint krige. Mei folle staesje waerden dy nei Keulen oerbrocht en yn ’e Dom yn in goudne grêfkelder gearsetten. Sont dy tiid waerd de Dom in oarde, dêr pelgrims en bedefeartgongers út alle lânstreken wei op ta kamen.

Mei gauwens seach men yn, dat de âlde Romaenske domtsjerke net mear birekkene wier, om sok in bisûndere skat te biwarjen. In nije, prachtige tsjerke, dêr de moaiste de greatste fen’e wrâld net by yn ’t skaed stean koe, moast forrize boppe it hillige biente.

Bisskop Reinhold pakte de kou by de hoarnen; mar ho’t syn oanhang him ek mei stipeleare, it woe dochs net bûterje. Syn opfolgers setten letter ek wol prikken yn it wirk, mar it mocht gjin ien earder slagje as de biromde aertsbisskop Koenraad fen Hochstaden[2]. Dy makke ek wer tarissingen, samle jild byinoar en dêr gong it hinne.

Forearst moast der in gnappe boumaster socht wirde, dy’t in idé fen it nije hillichdom op pompier sette scoe.

Men hoechde net fier to siikjen. Foart by Keulen om wenne sa’n man, dy’t al mennich oansjênlik bouwirk útfierd hie.

Dy man, yette jong, mei kleare eagen, waerd by de bisskop Koenraad brocht, en dy sei tsjin him: Hark ris heite, op dy is de kar fallen, om in nije dom te bouwen. It moat de moaiste tsjerke wirde fen de hele wrâld, in masterstik fen boukinst. Hjir hast dou in pongfol jild, om in kinstreis to meitsjen. Nou giest dou by de moaiste tsjerken fen ’e wrâld lâns en nim dyn trekken waer. Sjuchst hwet, dat is binnen; mar hjir moast om tinke: dou moast der altyd wer boppe yn moaijens, pronk en pracht. Twa jier tiid kinst’ fen my krije for dyn reis en plan. En astou it klear spileste, den bin ik der dy boarch for, det stou net om ’e nocht dyn bêst dien haste, mar as de boel yn ’t wetter fâlt, den scil ’k dy helpe.

De boumaster stie forsteld oer dit foarstel, tanke de bisskop for it fortrouwen, dat er yn him stelde, en ûnthjitte, de hege forwachtingen, dy’t hy fen him hie, net ta skande to meitsjen.

De oare deis joech hy him al op reis. Oeral, hwer er wist, det moaije tsjerken to finen wiernen, teach er hinne. Earst nei Normandie, do nei Frankryk en sa mar foart. De greatste stêdden mei tsjerken, dêr keningen en keizers, pausen en hilligen yn bigroeven leinen, wieren sines en dêr brocht er dagen yn tonein. Hjir siet er ûnder ’e groun yn in kelder, dêr hong er twisken himel en ierde oan in hege toer, om altyd mar weroan nije foarmen, bôgen en moaije stilen to sjen to krijen. Hy sneupte alles ôf en noaske alles troch en die syn bêst, det it noait better hoechde.

Oardel jier hied er sa mei omfleanen tonein brocht en do joech er him wer nei hûs. Do scoe den de bûter jild jilde fensels, hy scoe thús op syn elf en dertichst in teikening meitsje.

Moarnsier en bytiid siet er al wer to hersenskrabjen, dot er oan ’e gong rekke. Hy mikere op it pompier om, brocht it bigjin fen in bestek op it pompier, mar né, dat wier den wer net de goede dúdlike útdrukking fen it ideael, dat hin foar de eagen sweefde. Op ’e nij in teikening; op ’e nij ek wer yn ’t fjûr.

Sa forroan der wike op wike; fjouwer moannen wieren al foarby en de man koe it prachtich bouwirk dat him yn ’e holle stie noch altyd mar net yn foarmen op pompier krije. Nachten oanien brocht hy sûnder sliep troch, syn moed fortflauwe; hy seach de takomst donker tomjitte.

Faker as ienkear hie de bisskop him al ien fen ’n Domhearen op ’e hûd stjûrd om to sjên, ho fier it wirk foardere wier, en dêr hie hy danich it mier oan.

Der kamen al geruchten, dêr leit it meast net oan, det de boumaster al it reisjild fen de bisskop, sahwet mei plezierjen forsille hie yn de tiid det er foart wêst hie. Dêr hie er mear nocht oan hawn as oan studearjen, waerd er sein. Do’t de Prelaet dit hearde, der wier mar ien wike tiid mear, liet hy de ûngelokkige man by[3] him ûntbiede en sei: “Ast’ nou mei in wike net ré biste mei in plan, lit ik dy as in bidrager yn ’e boeijen klinke en yn de finzenis smite.”

De boumaster rekke raer nei hûs. Mei nije iver en mei de krêft fen’e wanhoop bigoun er wer to teikenjen, mar hy bleau der wer yn sitten, hy koe ’t net foar inoar krije, al gyng er op’e kop stean.

 

Hantsjeman trijris for ’t soaltjse II

Hy krige dy nachts gjin sliep yn ’e eagen, koe ite noch drinke en ’t woe him nou ho langer ho minder slagje. Noch twa dagen, en hy scoe yn ’e finzenis sitte … ef op ‘e hannen droegen wirde en yn ’e wolkens wêze as de net noch earder oertroffen kunstner yn syn fak.

Mei barstend geweld grypte er yet ris syn potlead en pompier: it moast en it scoe lokke, mar eft de divel der efter siet; hy koe ’t mar net foar inoar krije. Hy hie ’t wol yn ’e geast, mar koe ’t net werjaen yn streken.

De nacht briek oan. Efter ’t festje tikke it mar: moarn moat it klear wêze. Moarn is de tiid forroan.

It waerd him yn syn eigen hûs to near, hy roan der út om azem to skeppen yn ’e bûtenloft. ’t Wier in prachtige simmernacht, de moanne skynde frjeonlik en sêft oer it ierdryk. Alles lei yn slomme en rêst, alles wier kalm, alles wier stil, bihalven de boumaster, him bounze en sloech it hert, as scoe ’t brekke.

Hy gong op in poelsdyk sitten. De lytse weachjes brûsden sêft. Hwet foar in stimme wier dat, dy’t er hearde: “Krûp dou yn ’e poel, en alles is dien!” De man wier der dochs lykme allinne … né wrachtich net; dêr siet sikersonk in man neist him, howol dy swei. Hwer kaem dy frjemling wei? Ho kaem it dat hy dy keardel net earder opmirken hie. Hie dy persoan dat niis sims sein? De boumaster seach forheard dy man ris op en del oan. Dizze sloech him lykwol neat gjin acht, mar bigoun mei in stokje op ’e swarte groun figuren to teikenjen.

Forbaesd seach de boumaster ta; de frjemde foege sûnder ynspanning line oan line, trijehoeken en rounten makke er samar sekuer sûnder y[n]streminten iens to brûken. Noch greater waerd syn forbazing, do ’t hy dêr yn ’t sân it plan teikene seach fen it ideael, dat him foar de eagen sweefde: Ja, dêr stie de Dom, lyk as de master him dy al dagen droomd hie.

Alhiel fen ’e wize fette hy de frjemling by de earm en rôp him ta: “Hwa binne jy? ho komme jy oan dat plan? Dat is it plan, dat ik siikje: al moannen lang blok ik, en it lokt my net.”

De frjemde kearel sloech de master syn praet net ienris acht, hy striek it plan op ’e groun wer út en woe foartgean. “Bliuw hjir”, rôp de jonge man heal gek by de gedachte oan it lok, dat him ûntkomme scoe. “Jow my dat plan op pompier en ik jow jo alles hwet jy mar freegje.”

De frjemde stie stil, seach him hast troch en sei:

“Soa feint en hwet woeste my den wol jaen?”

“Freegje mar op”, sei de master alhiel oeremus, al is ’t ek in kaptael jild.

“Toe mar, hwet giet dat der út mei dy, né dou hoechst dy sa net oan to stellen. Ik freegje dy gjin sint ou, mar hjir ha ’k in skreaun stik for dy en ast’ dat mei dyn namme ûnderteikenje wolste, den binne wy akkoarte. Den krigest de teikening fen my moai op pompier. Allinne hast hjir dyn hân mar to setten. De boumaster lies en waerd sa wyt as kalk, hy mirk, det er it mei Hantsjeman hie to dwaen en det it brief in forkeapakte wie fen syn siel.

Hy waerd raer gesteld en rôp alhiel forslein: “Nou ha ’k it bigrepen, ja mar sa leit it lân net, dat doch ik net, myn siele set ik der yet net by op.”

Satan gniisde en hûne: Den mar yn ’e finzenis, en for altyd dyn greate namme mei skande biklâdde. Dou moast wol witte hwetst’ dochste feint. Setst’ dyn namme den bist’ in great man, it jild reint dy tomjitte, dou komst’ by de greaten op ’e kroade; hâldst’ de stege kop der foar en setst’ dyn namme net, den bist’ in forlern man yn ’e maetskippij, en nou moast it sels mar witte.

Dat wier to folle; woest sprong de boumaster oerein en rôp mei in holle stemme: “Goed, den moat it mar oangean.”

– “Nou, dat tocht ik[4] tominsten. Moarn-to-nacht toalve ûre, binn’ we hjir wer en den scille wy ruilje. Mar ik warskou dy foarút; ast’ hjir net biste, den giet it dy smoarch ou, den scil ’k dy op steandefoet opsiikje, brek dyn ribben koart en klien en fier dyn siel nei myn ryk.” Dêrmei hie de âlde ’t sein en foart wier er.

Do’t de boumaster letter lizzen gong, koe er de sliep mar net to pakken krije. Leed en wille wikselde[5] únophâldelik yn syn binnespul, mar it selsforwyt krige de oerhân. “Hwet haw ik dien?” rôp er út. “Moarn de dei bigjint myn rom, mar ek mei iens myn fordjer. Det wirdt hwet!”

Sadra it bigoun to daegjen, stapte de timmerman mei lead yn ’t hert nei it kleaster fen de paters Dominicanen en frege, eft er abt dy en dy ris sprekke koe en mocht.

Hy fornelle him, hwet er dy nachts bard wier.

“Dou hast effen mis west feint”, sei de wize grize man. “It hat mis fen dy wêst. Dou jowst tofolle for dat plan. De siel is ommers it kostberste fen de minske, dat witst dou dochs ek wol. Dêrom, sa’t ik siz dou hast de boel raer for pankoekbakt.”

“Ja”, sei de oannimmer bidêst, “mar siz my, ho moat ik hjir mei, fader. Der hinne gean en sizze: “ik stap fen myn bod ôf?”

“Jonge né, sa moat it net. Jimme komme wer by elkoar. Dou krigest in rôlle pompier – it bestek – fen de divel oan. Mar tagelyk jowst him ek in rôlle oer. Dat scil den it forkeapbrief hjitte, mar it moat in âld ef sahwet wêze.”

“Ja, mar giet dat sa mar? As hy den sjucht, det ik him forrifele haw, den scil ‘k wol in goed hûd fol bruijen krije, tink, en de teikening wer kwyt reitsje fêst?”

“Ja! om ’e donder net. Dou krijst net op ’e hûd en rekkest dyn pompier ek net kwyt. Dou bigrypst dit wol, dat plan, det stou yn ’e holle hiest, hat hy dy ûntmoffele en sels ynpakt. Dou witst, det it dêr wêze moast, mar koest it net wer fine. Mar hy scil ’t wer kwyt, dat wik ik dy, en dou komst der sûnder kleanskoerren ou, hjer. Sjuch, ik scil dy in krûkje wijwetter meijaen, en astou den earst mei him fen pompier roalle hast, den jowst dou him, ear hy der op fortocht is, in feech wijwetter om ’e earren. Hjir hast in kwast.[”]

It gong de boumaster oars mâldernôch, mar dochs skynde er gerêst to wêzen, hwent glimkjend sei er: “Nou, den moat dat mar ris bisocht wirde.”

(Wordt vervolgd)

 

Hantsjeman trijris for ’t soaltjse III

De nachts dêrop siet hy wer op it selde plak op ’e poelsdyk. Dêr dreunden toalve slaggen fen ’e toer en tagelyk kaem Hantsjeman ek. Hy seach mâl en hy hie de bokse fen ’t knollefoetsje opstrûpt, it kaem nou al sa krekt net mear as de earste kear. Hy sei net iens goêjoun noch neat. Daedlik helle er in rôlle pompier foar ’t ljocht en tagelyk joegen se it elkoar oer. Hantsje-om scoe gau ris yn sines loere, fensels, mar wylst er dêrmei ompoende, om it iepen to krijen, snjitte de boumaster de âld-swarte fiks ûnder ’t wijwetter. En ’t wier suver eft er him der oan barnde, hen? Earst scoe er yn syn grimmitigens de man, dy him sa lilk to fiter hie, by de strôtte pakke, mar dizze aeide ’m earst noch gau efkes om ’t kin mei de kwast en do skrille de âlde tobek. Hy gyng oan as in smid en ho’t er de timmerman útflokte en raesde! dêr wier gjin foarbyld fen. Mar mei ’t al, hy spile fen rúten, en de boumaster gyng ek syn gong. Mar de divel bâlte him noch grimmitich nei: “Tink der wol om, by de earste de bêste misset, dy stou krigest, pak ik dy yn!” Mar de blide oannimmer wier al sa dryst wirden, det er werom rôp: “Ja, mar ik haw nou de gek mei dy, hjer!” Laitsjend trape de man op nei hûs ta. Och hwet wier er blij, as in protter. Do’t er thús wier en wer lizzen gong, koe er de sliep mar net to pakken krije, dat kaem fen klearebare opwining en bliidskip. En do it him lokte op ’t lêst, dreamde er foart fen syn eare en rom en de greate tsjerke to Keulen, mar dêr kaem Hantsje-om sa mar opsetten mei hoarnen op ’e kop en scoe him dêr efkes neef hjitte. De timmerman gûlde it út en wier foart wer wekker. Hy fleach fen ’t bêd ôf, die de Sneinske klean oan en sette mei steande earen nei de bisskop ta, mei ’t plan ûnder ’e earm fensels.

Do dy dat biseach, wier er danich op ’e trie. Hy sei: “Dat liket mar ris tige, en ’t fâlt my neat ôf fen dy, det stou it sa foar elkoar krige hast op ’t lêst.” Foart yn ienen joech de geastlike, as in blyk fen bilangstelling, him in swier gouden halskjetting. Nou wier de boumaster sikerwier in lokkich man, in great man. Syn dom scoe de moaiste en greatste wêze fen de wrâld. De Bisskop hie him hjitten, om foartdalik mei de dom to bigjinnen. Sa mar wiernen der tûzen hânnen oan ’t wirk, om stiennen oan to toaijen, de groun út to graven en de âlde Dom for in part ou to brekken.

Sa bigounen se mei de bouwerij yn ’e Maimoanne fen ’t jier 1248. Dei yn, dei út wier de boumaster by syn wirk. Moarns ier en jouns let en noait scoe hy der in ketier by wei misse. Stadichoan riisde ’t gebou boppe de groun en kleau by moannen heger, en ’t woun fen jier ta jier oan.

Undertwisken hie de divel it smoar yn, dat bigryp jy. Ienkear wier er troch de boumaster bidragen, mar nou die er alle mûchlike war, om him in loech ou te sjên. Mocht er bygelyks mar ris in grouwe misset dwaen, den scoe Hantsje der gau by wêze, om him yn to palmjen. Hwent den hie dy der fensels rjucht op yn dy dagen. Alle forkearde dingen bistoarmen sims de geast fen ’e man tagelyk. Hwent de boaze geast hie do ek syn hântlangers al, wol to forstean. Ienkear stjûrde hy de jilddivel de master op ’e hûd en dy moast sjên, eft er de earlike man net ta gjirrigens oerhelje koe. Om ’t de oannimmer, ef ljeaver yn dit gefal de útfierder, it folle fortrouwen fen ’e Bisskop hie, wier him ek it bistjûr oerlitten fen it jildspil, dat for de bou bistimd wier. Hy koe, as er dat woe, knoarren jild nei him klauwe, sûnder det er oait ien wier, dy’t him op ’e fingers tikje koe, deaienfâldich omt men him net op hakken en teannen neigean koe mei sa’n admestraesje. Mar gekheid hjer, hy rekkene syn lean, hwet him wol fetsoenlik takaem, op en mear net, al it oare gong oan ’e dom. Dus dat wier in blautsje. Koe ‘k him mar ris goed oan ’t flokken krije, dy sûch, tocht Hantsjeom. Do dat prebaarje!

Moannen oanien hie de master sels, yn de tiid, dy er oer hie, arbeide oan in blom, yn ’e foarm fen in krús, yn stien útkappe. Al njunkelytsen wier it masterstik klear komd en ’t scoe boppe it portael in eareplak ynnimme. In opperman krige de stien op it skouder en gyng dêrmei by in ljedder op. Mar do er boppe wier, ûntglied de swiere, glêdde stien him en foel oan alle gruzeleminten topletter. Hantsjeom seach dat fensels wol en wier slop fen laitsjen wol yn ’e hope, det de makker fen ’e kinststien opsternaet wirde en de opperman útsegenje en foartjeije scoe. Mar pake stjitte de noas dizz’ kear. De kalme boumaster bleau koelbloedich yet en sei: ”Hwet bin ’k al healwiis, om sok in wichtich stik wirk oan sokke knoflige hânnen ta to bitrouwen.[”] En wrychtich wier, de man bigoun wer fen foaren ou oan mei in nije stien. “Sa’n greate soksis ha ’k noch noait sjoen”, sei de divel yn him sels. Mar hy hie wer mistaest.

Der wier gjin salve oan to striken; de timmerman like wol fen ekenhout to wêzen, en de boaze geast koe neat mei him wirde en jowch it der op oer. Lykwols mar for in skoft, hwent hy hie rêst noch dûr. Foar ’t ik it net woun ha, toch er, jaen ’k my net del. En fordeald, hy rekke de man dochs yet ris op sa’n tear gefoelich plak, binammen op syn eigenwearde en heechmoed, en hy hat it woun.

Om it hirtsje kaem de boumaster by de biskop om him forslach to jaen fen it ien en oar en ho’t it wirk opskeat. Hy kaem sa ris wer yn ’e keamer fen ’e hege prelaet en foun de bisskop mei oandacht foar in teikening sitten.

“Dou komst just fen pas hjir,” sei de tsjerkefoarst, “sjuch, ik ha hjir it forneamste bouwirk fen ’e wrâld foar my lizzen. De Patriarch fen Jerusalem hat my de teikening stjûrd fen de tempel fen Salomo. Dat is nou de bou, dêr’t de Hillige Geast sels de oanwizing ta jown hat”.

Nijsgjirrich gnûvde de boumaster de bisskop oer ’t skouder en biseach de teikening. Mar hwet miene jimme, det dy smoarge kearel do sei: Forwaend en permantich lûkte er oan ’e skouders en de wiisnoas, dy’t er stadichwei wirden wier, doarst de bisskop oer ’e mûle slaen mei to sizzen: “Myn gebou scil wol hwet moaijer wirde.” Hy hie ’t net sein ef hy hearde immen gnizen yn ’t iene ear en yn ’t oare in stimme, dy sei: “Sjea sa, nou kin ’k dy brûke, feint.” Mar do woe er wol yn goedens! Do mirk er wol, det er hwet al to mantsjich waerd! Hy scoe yet better wirk leverje as de Hillige Geast? Né mar nou roun ’t oer ’t hege skoen, dat fielde er sels wol. Do siet er raer mei ’t gat yn ’e foarke fensels. Biteutere glûpte er ta de keamer út en makke det er by syn gebou kaem. Om syn sinnen to forsetten gyng er mei flyt oan syn wirk. Tsjin ’e joun kleau er de súdlike toer op, om dêr de wirksumheden ris nei to gean. Dy toer wier al sa’n hûndert foet heech. Towyl hy der stie to prakkesearjen, to mjitten en to pasjen, ûntskeat de tiid him hwet, en hy mirk net ienris, det it for it folk tiid fen ophâlden wirden wier en de iene nei de oare syn ark der hinne lei en foart gong. Do’t er gewaer waerd, det hy der mar mear allinne op dy hege toer omspoeke, do waerd er suver skoftich. Hy joech him nei ûnderen en scoe ta de toersdoar út, mar dat wier mis, dy siet ticht skoattele. De lêste timmerfeint hie de baes grif net boppe forwachte en de doar sletten. Dêr stie de man; in kaei hied er net by him, en nimmen hearde ’m roppen. Hy gyng wer by de treppen op, dêr stie er wer op ’e toer; ’t wier al tsjuster en nacht, de wyn woan oan, in stoarm stiek op. Do kaem it yetris forgoed by him op, ho mis er wêst hie, en hy wist net, hwer ’t er krûpe scoe fen binaudens. Hy foel dêr op ’e knibbels del en frege oan God om forjiffenisse en help as de Satan al ris komme mocht, wylst er fen klearebare birou triennen as moskaeijen skriemde.

De klok sloech toalve en mei in grouwe skoerwyn wier de divel by de gefangene man oerwaeijen komd. Hy seach, as scoe er op brilloft en wakker fleurich sei er: “Kom, nou sit de âlde rôt yn ’e falle? Dou scilst’ sels wol witte, tink ’k, ho let as ’t is.” En ien, twa, trije, en wip! De divel pakte de boumaster by de skonken en slingere him mei de holle tsjin de mûrre oan, det it kwakte der oer. Mar wylst de âld swarte ris efkes lotterje scoe, eft de man al dien hie mei sykheljen, kaem der in ingel fen boppen en pakte gau de siel fen ’e boumaster yn en flaech der wer mei nei de goudne poarten fen ’e himmel.

Hantsjeom seach de moaije ingel nei as in kat, dy’t in mosk fleane liet. “Dat is wer opmakke spil!” by heech en by leech. Mar hy koe lipe ef pipe: hy wier for de twadde kear by ’t foetsje nomd en koe mei lege hânnen wer ousakje. Mar hy woe dochs hwet dwaen. Hy naem it ontsielde oerskot yn syn klauwen, gnjidde it noch ris forgoed en smiet it do op in rots, dy’t midden yn in greate sé stie, del. “Dêr,” sei er, “dat scil tominsten dyn straffe yet wêze, det nimmen fen de neiteam dy kenne scil. Dou scilst den dochs for altyd forjitten bliuwe.”

Seishûndert jiet gong foarby, en ’t like wol as scoe de boaze mei dit lêste yet hwet fortuten dwaen. Hwent de dom fen Keulen is klear komd, alleman seach der wonder by op, mar nimmen koe de namme fen de greate master, dy’t for dat great stik wirk it plan ré[6] makke hie. Mar de gelearde ljue fen ús tiid, hawwe mei bihelp fen ’e wrâldskiednisse-boeken, nei folle blokken en hersenskrabjen de namme ontditsen fen’e greate master, dy’t bistek en teikening fen ’e Dom fen Keulen makke en de earste wirksumheden der fen laette.

De namme fen ’e boumaster Gerardus van Rijle is nou oer de hele wrâld wol bikend.

Dos men hat Hantsjeman op dy menear trijeris for ’t soaltsje hawn.

 


  1. Published in: Ons Noorden, 2 November 1939 (I); 8 November 1939 (II); 15 November 1939 (III) [Frisia Catholica].
  2. In the publication: ‘Hochstraden’.
  3. In the publication: ‘hy’.
  4. In the publication: ‘it’.
  5. In the publication: ‘wiksele’.
  6. In the publication: ‘ri’.

 

© Nederlandse Provincie Karmelieten

Published: Titus Brandsma Instituut 2024